Skûtsje fan Langwar sylt mei swarte wimpel om Hidzer Meeter

12 jun 2015 - 19:48

It wedstrydskûtsje De Twee Gebroeders fan Langwar sylt dit jier mei in swarte wimpel. Dat bart út respekt foar Hidzer Meeter, dy't koartlyn hommels ferstoar. Hidzer wie de heit fan skipper Johannes Meeter en oant it lêst ta bot belutsen by De Swan. Langwar sylt dit jier net mear mei de Út de Striid', it skûtsje dêr't ferline jier by de SKS noch in achtste plakje mei helle waard.

De Twee Gebroeders is fan 't winter folslein klearmakke en wurdt troch de Stifting Skûtsjes Doniawerstal dit jier yn de striid brocht foar Langwar.

Troch de tryste famylje-omstanninchheden koe de ploech noch net trene mei it nije wedstrydskip. Dat bart sneon as de stifting it 50-jierrich jubileum fiert mei in silerij op de Langwarder Wielen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)