Selstraf easke tsjin maten deade GHB-brûker Dokkum

12 jun 2015 - 16:20

Tsjin de twa fertochten fan 36 en 39 jier dy't ein jannewaris 2011 yn Dokkum harren 21-jierrige freon oan syn lot oer lieten, is yn heger berop 6 moanne selstraf easke, werfan 3 moanne ûnder betingst. It slachtoffer hie GHB brûkt en rekke yn in koma. Syn freonen lieten him yn de frieskjeld yn de auto sitte, wêrtroch it slachtoffer úteinlik ferstoar. De manlju hiene de GHB kocht en brûkt yn Ljouwert. Op de weromreis rekke de 21-jierrige man yn in koma. Hy is nei alle gedachten ferstoarn oan in kombinaasje fan tefolle GHB en de kjeld.

As der op tiid yngrepen wie, hie de man neffens ekperts noch libbe. De rjochtbank feroardielde de mannen earder ta deselde straf as de eask no. It gerjochtshôf docht oer twa wike útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)