Man út Nes wegeret meiwurking oan rêdingsaksje kij

12 jun 2015 - 11:33

In man (52) út Nes by Akkrum is tongersdeitejûn oppakt omdat er syn buorman mishannele. Ek woe er net meiwurkje oan in rêdingsaksje foar trije kij. De kij wiene njonken de A32 yn in sleat bedarre. Brânwacht en de plysje besochten de kij te rêden. Om by ien fan de bisten te kommen, moast de plysje oer it lân fan de fertochte. Dy wegere it stek iepen te dwaan.

Doe't de eigener fan de kij him melde, hat de fertochte him yn it gesicht slein. De manlju hiene yn it ferline al earder spul hân.

Lang om let binne de kij rêden dochs noch rêden troch de brânwacht en de plysje. De 52-jierrige man sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)