Koart pleit oer ambulânseferfier nei de Waadeilannen

12 jun 2015 - 11:29

It Belgyske Heliventure FTO besiket freed by de Ljouwerter rjochter it pasjinteferfier mei de helikopter fan de Waadeilannen yn hannen te krijen. Dit bedriuw waard twadde yn de oanbesteging fan dat wurk troch RAV Fryslân. De ANWB waard earste. Unterjochte, sizze de Belgen, want de ANWB foldocht net oan de easken. Sa kinne de ANWB helikopters net fan 1 july ôf nachts fleane en kinne sy ek net fleane mei it type helikopter dat tasein is.

RAV Fryslân neamde de arguminten fan de Belgen freed 'ûnsin'.

As RAV Fryslân it koart pleit ferliest komt mooglik it oernimmen fan it helikopterferfier mei yngong fan 1 july yn gefaar. Yn dat gefal sil it ministearje fan definsje langer trochgean mei it pasjinteferfier, sa hat minister Hennis al tasein oan de Twadde Keamer. De útspraak yn dizze saak is op 24 juny.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)