Bloedspoar liedt plysje nei fertochte mishanneling

12 jun 2015 - 11:03

Bloedspoaren op strjitte hawwe de Ljouwerter plysje tongersdeitejûn laat nei in fertochte fan in mishanneling yn Ljouwert. In foarbygonger fûn op de Kastanjestrjitte in ferwûne man en belle de plysje. It slachtoffer is in man fan trictich. Hy wie ferwûne oan de holle.

In spoar fan bloed rûn nei in wenning flakby. Dêr hat de plysje in 30-jierrige man út Oude Pekela oppakt. Dy sit noch fêst yn ferbân nei fierder ûndersyk yn dizze saak.

Trefwurden: 
mishanneling bloedspoar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)