SC Hearrenfean iepenet seizoen 2015/16 tsjin De Graafschap

12 jun 2015 - 08:20

SC Hearrenfean hat op freed 7 augustus de eare om de alderearste wedstriid fan it nije seizoen te spyljen. It giet om in thúswedstriid tsjin De Graafschap. Dat stiet yn it konsept-wedstriidskema fan de KNVB. SC Cambuur trapet it seizoen ôf op sneon 8 augustus, út by PEC Zwolle.

De Fryske derby's steane it kommende seizoen pland op 1 novimber op It Hearrenfean en op 31 jannewaris 2016 yn Ljouwert. It definitive spylskema wurdt meikoarten fêststeld, nei oerlis mei de fuotbalklups.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)