Gordyksters kieze foar renovaasje fan De Skâns

12 jun 2015 - 07:21

In grutte mearderhied fan De Gordyksters sprekt him út foar renovaasje fan De Skâns. Dat waard tongersdeitejûn dúdlik op in troch de gemeente organisearre debatjûn oer de takomst fan it gebou. De oare opsje dy't by de gemeente dúdlik yn byld is, is in nije, lytsere seal yn in skoalle.

De eksploitaasje dêrfan soe makliker wêze, mar fan de 200 oanwezigen sprutsen sa'n 170 minsken har út foar behâld fan De Skâns. In soad Gordyksters meitsje har drok oer de kwestje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)