Plysje en brânwacht drok mei trije kij yn sleat njonken A32

12 jun 2015 - 00:32

Brânwacht en plysje hawwe it tongersdeitejûn efkes drok hân mei trije kij neist de A32 tusken Akkrum en Grou. De bisten wiene yn de sleat bedarre en it wie noch net sa ienfâldich om se der út te krijen. Dat slagge lang om let wol. Dêrfoar hat wol tydlik ien rydstrook yn de rjochting Grou ôfsletten west.

Dat soarge net foar problemen omdat der op dat stuit net in soad ferkear wie.

Trefwurden: 
plysje brânwacht sleat kij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)