Noorderbreedte: "Skeaklaim oer Nij Bethanië net nedich"

11 jun 2015 - 22:28
  • Nij Bethanië yn Tsjummearum

Johan Lettink, direksjefoarsitter fan soarchgroep Noorderbreedte, fynt it net nedich dat de gemeente Frjentsjerteradiel driget mei skeaklaims tsjin syn organisaasje fanwege it sluten fan Nij Bethanië yn Tsjummearum op 1 septimber. Dat is mear as in jier earder as it plan wie. Neffens Lettink moat der wol opnij sjoen wurde nei de ûntwikkelingsplannen dy't der bestean foar Tsjummearum.

De gemeente, Noorderbreedte en Wonen Noordwest Friesland binne al in tal jierren dwaande mei de herûntwikkeling en fernijing fan it gebiet by Nij Bethanië.

Neffens Lettink is de sluting fan Nij Bethanië needsaaklik omdat de kwaliteit fan de soarch dêr te bot ûnder druk stiet. Troch de nije soarchwet wenje der hieltyd minder bewenners yn Nij Bethanië. Op dit stuit noch mar 23 wylst der plak is foar 45. Lettink foarsjocht net dat der de kommende tiid noch mear hûzen fan Noorderbreedte en de oerkoepeljende organisaasje Zorgpartners Friesland slute moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)