Bob Schepers giet nei ONS Snits

11 jun 2015 - 21:52

Bob Schepers fuotballet takom seizoen foar ONS Boso Snits. De oanfaller krige by Cambuur gjin kontraktferlinging mear en hat no keazen foar de kombinaasje fan in stúdzje en it top-amateurfuotbal.

Yn it kontrakt mei ONS Snits stiet wol in ûntbinende klausule. Mocht der foar 1 septimber in klup út it betelle fuotbal komme foar Schepers dan kin hy ONS wer ferlitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)