NVWA nimt 43 greidefûgelpiken yn beslach yn Fryslân

11 jun 2015 - 17:58
  • Pear greidefûgelpiken

Ynspekteurs fan de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit ha mei de plysje 43 greidefûgelpiken yn beslach naam yn Fryslân. Wêr't dat krekt wie en wa't de fertochte is, kinne sy net bekend meitsje.

De piken wienen tusken in wike en seis wiken âld. It giet om skriezen, ljippen en tsjirken. De man by wa't de fûgels fûn binne, wurdt fertocht fan it leechheljen fan nêsten om de aaien dêrnei yn in briedmasjine út te brieden om letter de jonge fûgels te ferkeapjen. De piken binne nei de fûgelopfang brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)