Marcel van Buuren nije haadtrainer Drachtster Boys

11 jun 2015 - 13:48

De 51-jierrige Marcel van Buuren is de nije haadtrainer fan Drachtster Boys. Van Buuren komt oer fan FC Grins. Dêr wie er trainer fan de B-junioaren. Yn syn profkarriêre hat er ûnder kontrakt stien by Ajax, Volendam, SVV en BV Veendam.

As trainer hat er wurke by Veendam, yn Abû Daby en yn Katar. Van Buuren folget by de klup út de haadklasse Fred de Boer op. Dy makke de oerstap nei SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)