Jongerein mei drugs trappearre op skoalplein Twizelerheide

11 jun 2015 - 11:22

Op it skoalplein oan de Skoalstrjitte yn Twizelerheide binne woansdeitejûn ferskate jongeren trappearre mei drugs. Twa minderjierrige jonges hienen in lyts bytsje softdrugs by harren. Ek hat de plysje in 18-jierrige jonge út Twizelerheide oanhâlden omdat hy sawol soft- as harddrugs by him hie.

Omdat de jonge frijwat drugs by him hie, fertinkt de plysje him fan drugshannel. Hy sit fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)