Jonge út Sint-Anne oppakt foar fernieling en ynbraak

11 jun 2015 - 11:00
  • Oanhâlding

In 16-jierrige jonge fan Sint-Anne is woansdei oppakt op fertinking fan fernieling en ynbraak. De fertochte waard mei fjouwer oaren trappearre doe't er op it dak fan in skoalle oan de Hartman Sannesstrjitte yn syn wenplak rûn. In tsjûge skille de plysje. Doe't de plysje arrivearre, naaiden de jonges út. De 16-jierrige koe op de Slimstrjitte arresteard wurde.

Wat de jonges krekt op it dak dienen, wurdt noch ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)