FrieslandCampina ferheget entreejild foar nije leden

11 jun 2015 - 10:04
  • Kij yn 'e greide

FrieslandCampina ferheget it entreejild foar nije leden fan 10 nei 15 euro foar eltse 100 kilogram molke. Dat hat de lederied woansdei besletten. Ek jilde der strangere easken op it mêd fan duorsumens foar nije boeren. Sa moatte sy de kij ferplichte yn 'e greide rinne litte. Ek iepen stâlen hearre by de betingsten.

It hegere entreejild, dat yn alle gefallen oant en mei ein 2016 jildt, is bedoeld om de ferhâlding tusken ynvestearrings fan sittende en nije leden wat mear yn lykwicht te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)