Man út it wetter rêden by de Ljouwerter Verlaatsbrêge

11 jun 2015 - 08:03

Omstanners hawwe tongersdeitemoarn betiid in man út it wetter rêden by de Verlaatsbrêge yn Ljouwert. De man wie troch ûnbekende oarsaak te wetter rekke. De brânwacht wie ek oproppen, mar de omstanners hienen de man al op de kant holpen.

De man krige fan de plysje en tekken om. De alarmearre ambulânsemeiwurkers hawwe de man oanslutend mei ûnderkuollingsferskynsels oerbrocht nei ik sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)