Keepster Loes Geurts net yn aksje yn twadde WK-wedstriid

11 jun 2015 - 06:37
  • Keepster Loes Geurts

Keepster Loes Geurts fan Hichtum komt tongersdeinacht net yn aksje op it WK foar froulju yn Kanada. Earder dizze wike rûn Geurts in ankelblessuere op en dêr is net op 'e tiid fan wersteld. Sari van Veenendaal ferfangt Geurts.

Ek âld-SC Hearrenfeanspiler Vivianne Miedema wie noch in fraachteken foar de wedstriid tsjin Sina, mar de spits is wol ynsetber. De Nederlânske froulju spylje yn de nacht fan tongersdei op freed de twadde groepswedstriid. Ofrûne wykein waard mei 1-0 wûn fan Nij-Seelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)