Taksysjauffeurs Klomp uterje soargen oer wurk

10 jun 2015 - 22:43

Tritich taksysjauffeurs hawwe harren soargen útsprutsen oer taksybedriuw Klomp. Dat diene se woansdeitejûn op in byienkomst fan it FNV op it Hearrenfean. Guon sjauffeurs ha al tiden gjin lean krigen. Se wolle witte oft dat noch komt.

It Gelderske taksybedriuw Klomp hat it dreech om't se in soad net rendabele ritten útfiere. Yn Fryslân ûnder oaren foar Alliade. Yn totaal sa'n hûndert Fryske sjauffeurs meitsje harren dêrom soargen oer harren baan. It FNV wit net hoe't it komme sil mei Klomp.

It taksybedriuw nimt oan 15 juny de tiid om te praten mei in ynvestearder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)