Misthoarn fan Harns komt definityf net werom

10 jun 2015 - 22:11

De misthoarn fan Harns komt definityf net werom. De gemeenteried hat woansdeitejûn tsjin it foarstel fan it kolleezje stimd om de misthoarn wer yn eare te herstellen. Dat barde mei in soad diskusje dwers troch de partijen hinne. Uteinlik stimden tsien leden tsjin en fiif leden foar. De mienings by sawol de PvdA as it Harlinger Belang wienen bot ferdield.

Boargemaster Roel Sluiter hold foarôfgeande oan de stimming noch in fel pleit om foar te stimmen. Under de riedsgearkomste wie sels noch it lûd fan de misthoarn fan bûten ôf te hearren.

It kolleezje woe de misthoarn graach werom hawwe, omdat it feiliger wêze soe foar de skipfeart en ek in soad Harnzers seagen de misthoarn graach werom yn it stedsbyld. In protte oare Harnzers kamen krekt yn opstân, om't se net sliepe kinne soenen fan it lûd fan de misthoarn. De diskusje oer de takomst fan de misthoarn is no definityf fan de baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)