Twa ûnderskiedings foar Diana Monissen

10 jun 2015 - 19:32

Bestjoersfoarsitter Diana Monissen fan de Friesland Zorgverzekeraar is woansdeitemiddei by har ôfskied riddere yn de Oarder fan Oranje Nassau. Dêrneist krige se út hannen fan kommissaris fan de Kening John Jorritsma ek noch de CdK-penning foar har belutsenheid mei Fryslân. It is de earste kear dat de penning oan in frou útrikt wurdt. Monissen wie sûnt 2009 bestjoersfoarsitter.

Se sil no as direkteur fan it Prinses Máxima Centrum foar berne-onkology yn Utrecht oan it wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)