Wer takomst foar lytse doarpsskoaltsjes

10 jun 2015 - 18:30
  • Bern yn basisskoalle

Der is dochs wer in nij takomstperspektyf foar lytse doarpsskoaltsjes, dy't mei sluting bedrige wurde. Skoallen kinne har oanslute by in lanlike feriening fan lytse skoallen en sa dochs bestean bliuwe. Dizze 'Verenigde Zelfstandige Dorpsscholen' hawwe erkenning krigen fan steatssiktaris fan ûnderwiis, Sander Dekker. De skoallen sille gearwurkje mei oare lytse skoallen yn de rest fan it lân.

It is it doel dat de doarpen sels, mei âlden en personiel, ferantwurdlikheid drage foar de skoallen, sadat der gjin direksje op ôfstân nedich is.

Ek yn Fryslân is binne der hast alle jierren wol skoaltsjes dy't ticht moatte, fanwege te min learlingen. Faak fine âlden, bern en personiel it spitich dat de lêste skoalle fan it doarp tichtgiet. Ferline jier rekken bygelyks De Feanhoop en Sigerswâld har skoallen kwyt, en dit jier sille de iepenbiere basisskoallen fan Driezum en Brantgum slute.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)