Agressive mûzefalk yn omkriten fan Burdaard

10 jun 2015 - 13:09

De gemeente Ferwerderadiel warskôget ynwenners fan Burdaard foar in agressive mûzefalk. De rôffûgel hat in nêst yn in beam oan de Stiendamsterwei en falt minsken oan wannear't dy foarby komme.

De gemeente freget minsken om ekstra alert te wêzen. It is net bekend oft der ek al minsken ferwûne rekke binne troch in oanfal fan de mûzefalk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)