Kollum: "Geart Goes"

10 jun 2015 - 09:00
  • De Toan fan Eelke Lok

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurket al jierren foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio. Op dit stuit presintearret hy op televyzje it programma ‘Gewest Fryslân’. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"Justerjûn waard ik skille troch in goes. No ek net samar in goes, it wie Geart Goes. En Geart is yn de guozzewrâld in ferneamde namme. Inkeld at je heech op de leider fan de guozzemaffia steane, mei jo jo namme alliterearjend feroarje, Geart Goes. Dy tastimming krije de opperguozzen fan de rest fan de famylje foar it wurk wat se dogge. De kriichshaftige guozzen steane altyd mar oan de bûtenkant fan de gersfrettende guozzefamylje om op te passen. Altyd de kop omheech, altyd efkes hiel hurd in pôltsje gers der ôfskuorre en dan kôgjend en swolgjend gau de kop wer omheech. Utsjen, útsjen. Want stel der komt in boer mei in heafoarke it lân yn, ja dan is it efkes gak gak en dan fljogge alle guozzen wer fuort. Nei in oare boer dy’t noch sliept.

Geart hie it lykwols no swier sa fertelde hy my. Ferrekte swier. Hy hat in oarlochstrauma. En hy fertelde it ferhaal fan syn omke Goaitsen. Goaitsen Goes. Ek sa’n goes mei it boarst foarút. Syn hiele libben oan de bûtenkant stien, oppasse op de lytsere en froulike guozzen. Sykje nei soppige gersfjilden sûnder al tefolle fan dy blommerotsoai. Alles altyd dien. Noch, ferline wike hienen se sa’n moai stikje greide fûn yn de Jan Durkszpolder. Kamen der ynienen mannen fan alle kanten. Mannen yn griene uniformjaskes. By de earste glimk hie Goaitsen al gak gak roppen, fuort. Mar der wiene tefolle jaskes, der wie mar ien kant dy’t se útkoenen.

Goaitsen hie te let yn’e rekken dat er troch dy mannen mei uniformjaskes hinne batse moaten hie, desneeds op al dy uniformkoppen skite. Mar net wend oan dizze sitewaasje, liet hy de guozzen fuort gean. En dat wie ferkeard. Ynienen kamen se yn in koai. Om dy koai hinne noch mear mannen mei uniformjaskes en ek noch wat frjemde lju mei kamera’s. Neffens Geart wiene dat in soarte fan ynternasjonale waarnimmers. Goaitsen naam op’e nij de ferkearde beslissing. Hy hie sels noch wol fuort komme kinnen, grut en sterk as hy wie, mar hy woe syn guozzefamylje rêde. Hy wie op it lêst ek noch wol heit fan fiifentritich fan dy jonkjes. Dus hy besocht se wer nei bûten te triuwen. Mar dy uniformjaskes diene de klamboes ticht en doe fertrapen Goaitsen en syn maten wat fan de lytskes. Dea. En sels koenen se net mear nei bûten.

Mar it alderslimste moast noch komme. De uniformjaskes smieten der noch mear plastik oer en doe kwakten se romers fol CO2 derûnder. Alle guozzen, ek Goaitsen, wiene sa mar wei. En troch hiel Fryslân gie ien lange oergjalp fan de hiele guozzekudde, dy’t skodde fan ellinde.

Geart snottere noch doe’t hy my skille. Hy is ien fan de guozzen dy’t wat trochleard hat, en krekt dit jier bin der in soad wurken oer 70 jier befrijing ek yn de guozzetaal fertaald, dat hy frege my at de Tredde Wrâldkriich útbrutsen wie. Hielendal yn‘e betizing fan minsken yn unifoarm jaskes dy’t ynienen der binne en je ferskoue mei geraas en stokken. Je moatte fuort, komme yn in hok fol oaren en dan wurd je fergast. Nimmen oars docht wat, elkenien fynt it prima dat de guozzen, dy’t har krekt tús fiele yn Fryslân sa by boskjes fol dea makke wurde yn ferneatingskamp Jan Durkszpolder.

Geart jonge spruts ik treastend. Dy uniformjaskes binne fan jonges fan it Fryske Gea en Steatsbosbehear. Dat bin lju dy ha tasein dit te dwaan, mar dan mei dêr ‘s winters hjir allegear russyske guozzemaffia’s komme. En dy meie dan gewoan ûnbeheind gers frette. Yn offisiële termen hyt soks it regeljen fan de guozzestand Geart, fierder neat oan de hân jong. En dy ynternasjonale waarnimmers bin sjoernalisten, en dy fertelle dan de wrâld dat it o sa goed is wat der bard, want at jim trochfrette is der gjin gers genôch om de Sjineeske berntsjes molkepoeier te jaan.

No ja sa bekaam Geart wer wat, mar hy wie noch net alhiel oertsjûge. Mar sei hy, wêrom wurde myn fergaste omke en syn fergaste berntsjes net bedobbe, mar troch dy uniformkes nei Amsterdam brocht. Tsa, jong sei’k, wit ik net, dêr wenje seker noch altyd fan dy tûke hannelsmantsjes, dan kin de natoerorganisaasjes ek noch wat jild fertsjinje."

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)