Dronken bestjoerder oanhâlden nei deadlik ûngelok op A7

10 jun 2015 - 06:02

Op de A7 tusken Fryske Peallen en Drachten is tiisdeitenacht in autobestjoerder (54) út Kollum om it libben kaam. Twa auto's botsten op inoar en bedarren yn de boskjes neist de sneldyk.

De oare bestjoerder waard op de sneldyk oanhâlden. De 46-jierrige Drachtster woe útnaaie, mar de plysje wist him yn de boeien te slaan. Ut in earste ûndersyk die bliken dat de man tefolle dronken hie. De A7 tusken Fryske Peallen en Drachten hat in tiid ôfsletten west foar ûndersyk. Dat soarge foar in file fan sa'n 5 kilometer út de rjochting fan Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)