Harkemase Boys net yn finale fan de lanlike amateurbeker

09 jun 2015 - 21:54

Foar Harkemase Boys gjin finale om de lanlike amateurbeker. HSV Hoek wûn tiisdeitejûn yn Seelân mei 2-1. De Harkiten setten goed útein mei in grutte kâns foar Joram Smits. Dêrnei waard Hoek, ôfrûne sneon degradearre út de topklasse, better. Yn de 41e minút strafte Kyle Doesburg fan Hoek in fout fan Robin Huisman de Jong ôf. Yn de twadde helte brocht Arton Musliu de ploech fan Jan Vlap al gau op 1-1. Harkemase Boys krige dêrnei gjin penalty nei hands fan Hoek en Heine Uuldriks miste twa kânsen. Gert Jan van Leiden makke yn de 85e minút de 2-1.

De winnende goal fan Hoek kaam út in hoekskop. By Harkemase Boys sizze se dat de bal net oer de achterline wie en sadwaande hie dy korner nea naam wurde kinnen. Foar de Boys sit it seizoen der no op. Hoek spilet sneon op it eigen fjild de finale tsjin IJsselmeervogels.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys beker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)