Baneferlies belestingtsjinst beheine yn 'kwetsbere regio's'

09 jun 2015 - 19:46

De Twadde Keamer stipet in moasje fan de ChristenUnie en de PvdA om it baneferlies by de belestingtsjinst safolle mooglik te beheinen yn kwetsbere regio's. It behâlden fan banen moat foarrang krije op plakken mei in lege wurkgelegenhied en ek yn krimpregio's lykas Emmen, Ljouwert, Twente en de Achterhoek, sa freget de Twadde Keamer.

De belestingtsjinst sil 5.000 banen skrasse fanwege de tanommen automatisearing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)