33 nije hierwenten yn Snitser wyk Noorderhoek

09 jun 2015 - 18:13

Op it plak fan de blauwe Furmerusflat yn de wyk Noorderhoek yn Snits komme lang om let 33 nije hierwenten. Der wurdt al jierren oer de nije hierwenten praat, mar oant no ta kamen de gemeente en de wenningboukorporaasje Accolade der net út. Benammen oer de hierpriis en hoe't de wenten der út komme te sjen wie lange tiid gjin oerienstemming.

De Furmerusflat is al yn 2012 sloopt en sûnt doe sitte de partijen mei elkoar om tafel. Healwei 2017 moatte de wenten klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)