B. en w. Súdwest-Fryslân sette plan foar azc yn Snits troch

09 jun 2015 - 17:50

Boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân sette de plannen foar in azc yn Snits troch. Dat hawwe b. en w. tiisdei yn de kolleezjegearkomste besletten. De gemeente en it COA wolle op de eardere sportfjilden in azc bouwe foar 600 minsken. It giet dan om Syryske húshâldings en flechtlingen út Eritrea.

Omwenners binne benaud foar oerlêst en har feiligens. Fierder freegje se har ôf oft der wol foldwaande romte is foar safolle minsken. Neffens it COA is der mear as genôch romte en sil der goed tasjoen wurde op de feiligens.

De gemeente naam tiisdei it beslút om de plannen fierder út te wurkjen. De earste asylsikers wurde begjin 2016 yn Snits ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)