Kinnik: "Jeugdsoarch binnen budzjet hâlde falt net ta"

09 jun 2015 - 17:45

It bliuwt de kommende tiid in útdaging foar Fryske ynstellings om mei it beskikbere budzjet goeie jeugdsoarch te ferlienen. Dat seit direkteur Douwina Zwart fan Kinnik. De jeugd-GGZ bliuwt sels binnen it troch de gemeenten beskikber stelde bedrach, mar dat jildt net foar ferskate oare organisaasjes.

Dy gean safolle oer it budzjet hinne, dat 60 oant 70% fan de Fryske gemeenten miljoenen talizze moatte, sa hat wethâlder Thea Koster fan Ljouwert útrekkene. Kinnik hat te krijen mei groeiende wachtlisten.

De organisaasje is dwaande om dat probleem op te lossen.

Trefwurden: 
jeugdsoarch Kinnik
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)