Jan de Jonge wurdt trainer op Syprus

09 jun 2015 - 17:08

Fuotbaltrainer Jan de Jonge hat in nije klup fûn. Hy sil it kommende seizoen oan 'e slach by Nea Salamina op Syprus. De 52-jierrige De Jonge, ynwenner fan It Hearrenfean, siet sûnt augustus ferline jier sûnder klup, doe't hy nei fiif wedstriden dien krige by Heracles Almelo. Earder wie er trainer by FC Emmen, De Graafschap en SC Hearrenfean.

As spiler kaam De Jonge yn aksje foar FC Grins, SC Hearrenfean en FC Emmen.

Trefwurden: 
fuotbal trainer Jan de Jonge
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)