Massastart Olympysk yn 2018, Arjan Stroetinga bliid

09 jun 2015 - 16:55

Arjan Stroetinga fan Waskemar is tige wiis mei it beslút fan in Ynternasjonaal Olympysk Komitee om fan de massastart in offisjeel reedryd-ûnderdiel te meitsjen by de Olympyske Spullen fan 2018 yn Súd-Koreä. Stroetinga waard earder dit jier de earste wrâldkampioen op dit ûnderdiel.

De betingsten wêrûnder't de wedstryd krekt ferriden wurde sil, binne noch net bekend. Sa is it op dit stuit noch net dúdlik hoefolle riders fan ien lân meidwaan meie. En it soe ek wêze kinne dat de 500 meter tenei noch mar ien kear riden wurdt.

Op dit stuit bart dat noch twa kear op elts kampioenskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)