Hynders los yn sintrum Wommels

09 jun 2015 - 15:01

Yn Wommels ha njoggen losbrutsen hynders in skofke troch it sintrum rûn. Doarpsbewenners ha se nei de Terp ta brocht; dêr is in grut gersfjild. De hynders kamen út in greide oan de râne fan it doarp by de provinsjale dyk.

Dy dyk is mei help fan de plysje in skoftke ôfsletten om de hynders wer te plak te krijen.

Trefwurden: 
hynders losbrutsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)