Zienn holp 2400 dakleazen yn 2014

09 jun 2015 - 13:24

Nei jierren fan stiging is it tal minsken dat troch opfangorganiaasje Zienn stipe waard yn 2014 mei hast 2400 gelyk bleaun. Opfallend is fierder dat it tal oanmeldings foar de krisisopfang yn Burgum net omheech gie. De druk op de foardoar bliuwt likegoed heech. Zienn sjocht boppedat it grutter tal betize klanten. Dat soarget neffens de opfangorganisaasje oar mear ynsidinten.

Neffens Zienn wie 2014 fierder in moai jier foar de organisaasje. Der binne nije opfanglokaasjes yn gebrûk naam, lykas De Marene en in nije nachtopfang yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Zienn dakleas nachtopfang
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)