Thea Koster: Miljoenetekoart driget by Fryske jeugdsoarch

09 jun 2015 - 12:43

De Fryske gemeenten driigje dit jier miljoenen euro's talizze te moatten op de jeugdsoarch. Dat seit wethâlder Thea Koster fan Ljouwert. Koster basearret har op in ynventarisaasje ûnder alle ynstellings dy't yn Fryslân dwaande binne mei jeugdsoarch. It docht bliken dat 60 oant 70 prosint fan de gemeenten yn de reade sifers bedarret.

Allinnich Ljouwert tinkt oan de ein fan dit jier al 3 oant 5 miljoen euro yn de min te kommen. De oarsaak is dat it Ryk by de tawizing fan it budzjet oan gemeenten ferâlderde sifers út 2012 brûkte, seit Koster.

Ynstellings moatte no goedkeaper wurkje fan Koster, oars rinne se it risiko dat har kontrakt net ferlingd wurdt. Mei-inoar is yn Fryslân op dit stuit 90 miljoen euro beskikber foar jeugdsoarch. It Ryk wol dêr takom jier nochris 5 prosint fan ôfhelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)