OWO-gemeenten troffen troch hack

09 jun 2015 - 11:58
  • Hacker

De gemeenten Eaststellingwerf, Weststellingwerf en Opsterlân hawwe tiisdeitemoarn te krijen hân mei in hack. Alle 600 meiwurkers fan de trije gemeenten krigen in pop-up melding op de pc wêryn stie dat se de kompjûters fuortendaliks útskeakelje moasten. De melding wie ferstjoerd mei saneamde ransomware.

Troch de hack kinne de trije gemeenten beperkt wurkje. Wol is de sintrale publyksbaly iepen en binne de websiden fan de gemeenten gewoan berikber. De oarsaak fan de hack wurdt noch ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)