Grutte ferskillen yn fiskstân yn de Waadsee

09 jun 2015 - 11:28
  • Strânljip yn de Waadsee

De fiskstân yn de Waadsee rint sûnt de jierren '80 werom, mar út ûndersyk docht no bliken dat de ferskillen tusken de fisksoarten grut binne. It giet benammen min mei jonge fisk lykas skol, skar en kabbeljau dy't harren earste libbensfaze yn de Waadsee trochbringe.

Mei fisk dy't de Waadsee as leefgebiet hat, giet it better. Om de sitewaasje te ferbetterjen soene de migraasjemooglikheden foar de fisk ferbettere wurde moatte. Dat kin troch kwelders oan te lizzen dêr't sâlt en swiet wetter yn mekoar oergeane.

Dêrneist soe de byfangst fan fiskers fermindere wurde moatte. It ûndersyk troch ûnder oaren Wageningen Universiteit is dien yn opdracht fan it 'Programma naar een Rijke Waddenzee'.

Dêryn wurkje it ministearje foar ekonomyske saken, Rykswettersteat en oare ynstânsjes gear. It is foar it earst dat der sa'n grut ûndersyk dien is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)