Friezen passe fakânsjeplannen oan om boatflechtlingen

09 jun 2015 - 11:03
  • Syryske flechtlingen op it Grykse fakânsje-eilân Lesbos

It nijs oer boatflechtlingen yn lannen om de Middellânske See hinne hat ek ynfloed op de fakânsjeplannen fan Fryske toeristen. Reisburo's fernimme bygelyks dat minsken leaver gjin fakânsje nei in Gryksk eilân boeke, omdat dêr in protte flechtlingen mei boaten oankomme.

De lêste moannen binne der gauris flechtlingen út Noard-Afrika fan gammele boatsjes helle op de Middellânske See. Ek it feit dat hûnderten minsken ferûngelokke binne by harren oertocht, docht minsken neitinken oer harren fakânsjebestimming.

Reisburo Internoord út Ljouwert krijt in protte telefoantsjes fan minsken dy't ynformaasje wolle oer de tastân yn bepaalde gebieten, fertelt direkteur Erik van der Waard. It is op it stuit hiel drok mei by de reisburo's, omdat minsken hieltyd letter harren fakânsjes boeke.

As se noch net boekt hawwe, kieze se leaver in oare bestimming as Grikelân of oare Middellânske-see-kustbestimmings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)