Duo oppakt foar fjochterij en mishanneling yn Ljouwert

09 jun 2015 - 10:43
  • Geweld

De plysje yn Ljouwert hat moandeitejûn twa manlju út de stêd oanhâlden. De plysjeminsken krigen in melding oer in fjochtpartij op it parkearterrein oan it Hoeksterpaad en troffen dêr de twa manlju fan 47 en 48 jier oan.

De 47-jierrige man die hiel ferfelend tsjin de plysje en woe in omstanner oanfleane. Doe't de plysje him oanhâlde, bemouide de 48-jierrige man him hjir mei om dit foar te kommen. Doe't in plysjeman de man fuort treau, krige hy in klap. Dêrom waard ek dizze man meinaam nei it plysjeburo. It duo sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)