Warskôging plysje foar tekens fan ynbrekkers op huzen Aldlân

09 jun 2015 - 10:40

De plysje yn Ljouwert warskôget foar tekens dy't yn de wyk Aldlân oanbrocht binne op wenningen. It soe neffens de plysje gean kinne om tekens dêr't ynbrekkers mei oanjouwe dat de bewenners net thús binne en dat der mooglik wat te heljen falt.

De plysje seit fierder dat de tekens yn guon gefallen net echt binne, mar der is by oare wenningen dêr't dizze tekens op stiene wol ynbrutsen. Minsken dy't de tekens op harren hûs sjogge krije it advys om de plysje te skiljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)