B&B Tala Lodge yn Ravenswâld bêste fan Nederlân

09 jun 2015 - 09:47

Bêd en Brochje Tala Lodge yn Ravenswâld is tiisdei troch de stichting Bed&Breakfast Nederlân útroppen ta bêste bêd en brochje fan Nederlân. Tala Lodge helle de heechste skoare yn tulpekategory 5, de heechste klasse binne de bêd en brochjes.

De stichting sjocht by de beoardieling nei reaksjes fan gasten op ynternet. Tala Lodge makket neffens de stichting it ûnderskied troch de wellnessfasiliteiten en in unike ambiance. It giet dan benammen om de grutte priveesuite en in bûtenspa. Dy krije gemiddeld in 9,7 as sifer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)