Oerterp hat eigen sintrummanager

09 jun 2015 - 08:04

It winkeljen yn Oerterp moat oantrekliker wurde. Alteast, dat fynt de gemeente Opsterlân. En dêrom krijt it doarp in sintrummanager: Klaas de Winter. Hy moat leechstân tsjingean, winkels wat mear 'schwung' jaan en de kommunikaasje tusken gemeente, winkellju en publyk ferbetterje.

Klaas de Winter is oansteld foar in perioade fan twa jier. Hy wennet yn Oerterp, en hy hat dêr syn eigen advysburo. Hy is net de earste sintrummanager yn de gemeente Opsterlân. Begjin 2014 waard Jappie Veenstra sintrummanager fan De Gordyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)