Bekende Nederlanners komme yn aksje foar biste-opfang Norma

08 jun 2015 - 22:49

Ferskate bekende Nederlanners springe yn de bres foar de biste-opfang fan Norma Miedema, dy't ôfrûne wykein yn Ferwert ôfbaarnde. Dat skriuwt De Telegraaf.

RTL-presintatrise Loretta Schrijver, mar ek oare BN'ers lykas Emile Ratelband, Joris Linssen en Samantha de Jong -ek wol bekend as Barbie- roppe minsken fia sosjale media op om jild te donearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)