Faunabeskerming: "Lidmaatskip Fryske Gea opsizze"

08 jun 2015 - 22:37

De Faunabeskerming ropt leden en stipers fan It Fryske Gea op om har stiper- of lidmaatskip op te sizzen, om sa in stânpunt te meitsjen tsjin it fergassen fan guozzen.

De Faunabeskerming fynt it net akseptabel dat It Fryske Gea guozzen fangt en dizze fergast yn Nasjonaal Park De Alde Feanen. Direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea fynt de oprop fan de Faunabeskerming soer. Yn de ôfrûne tiid hawwe al sa'n 35 minsken har lidmaatskip opsein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)