Alde moskee Snits ferboud ta oefenromte foar popmuzyk

08 jun 2015 - 19:59

Yn Snits is lang om let in begjin makke mei de bou fan in nije oefenromte foar popbandsjes yn de stêd. It komt yn de âlde moskee oan de Havenstrjitte yn it sintrum. It gebou wurdt hielendal stript en sil dan lûdsticht makke wurde.

Sân jier lang is der socht nei in geskikte lokaasje. Sa soe de kelder fan de âlde Geeuwbrêge ferboud wurde. De gemeente Súdwest Fryslân stekt 3,5 ton yn de nijbou. Ein septimber moat de nije popoefenromte klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)