Jelle B: "Yndia is net te befetsjen"

08 jun 2015 - 19:07
  • Optreden fan Jelle B yn Yndia

'Mumbai wie echt bizar!' Dat seit sjonger Jelle B oer syn besite oan Yndia. Hy hat ûnder oaren yn in sloppewyk west. "Wat je dêr allegearre sjogge, dat is net te befetsjen."

De sjonger wie yn Yndia op útnoeging fan de Nederlânske ambassade, en soe sjonge foar in hannelsdelegaasje mei ûnder oaren premier Mark Rutte en minister Lilianne Ploumen. Mar nei't er mei in foto yn in grutte krante stien hie, kamen der ek 1000 Yndiërs op it optreden fan Jelle B ôf. Dat optreden wie it hichtepunt fan syn reis.

De sjonger út Wytgaard hie ek in nûmer ynstudearre fan in Yndiase sjonger. "It klonk fansels nearne nei, mar it publyk fûn it echt fantastysk moai. Ik tocht, yn Fryslân ha ik wolris mindere optredens hân", seit er, "dat miskien moast ik hjir mar bliuwe." Moandeitemiddei is Jelle B wer weromkaam út Mumbai.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)