Fertochte Tsjûkemarmoard praat foar rjochtbank

08 jun 2015 - 15:33

De jonge (19) fertochte fan de Tsjûkemarmoard, dy't him twa jier lang op it swijrjocht berôp, hat yn de rjochtbank yn Ljouwert no dochs iepenheid fan saken jûn. Op fersyk fan de offisier fan justysje is de behanneling fan de saak oanhâlden, want justysje wol de nije ferklearrings fergelykje mei forensysk materiaal en ferklearrings fan oare belutsenen en tsjûgen.

De Tsjûkemarsaak draait om de moard op Omar Kourrich. Hy waard yn de simmer fan 2013 fermoarde yn syn wenplak Amsterdam en letter yn brân stutsen op in parkearplak by de Tsjûkemar.

It is noch net bekend wannear't de nije sittingsdatum is. Omdat de ferklearring fan de 19-jierrige fertochte botst mei dy fan de Roemeenske fertochte (27) yn deselde saak oerwaacht de offisier fan justysje boppedat om in rekonstruksje útfiere te litten yn dizze saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)