Norma Miedema wol nije start meitsje op oar plak

08 jun 2015 - 12:48
  • De âlde biste-opfang fan Norma Miedema wie hielendal ôfbaarnd
  • Koartsluting oarsaak brân

Norma Miedema wol sa gau mooglik nei in oare lokaasje ferhúzje no't har hûs anneks biste-opfang yn Ferwert hielendal ôfbaarnd is. Yn de brân, dy't snein útbruts, kamen ferskate bisten om it libben, foaral katten, fûgels en fisken.

De grutte bisten en ek in grut tal katten en hûnen ha it oerlibbe en wurde no op it hiem of op tydlike opfangplakken fersoarge. Fan ferskate kanten komme aksjes op gong om Norma en har bisten te helpen en ûnderdak te bringen. Norma wol neat leaver as ferhúzje want se hat skjin har nocht fan Ferwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)