Snoadfoan soarget foar soad argewaasje yn it ferkear

08 jun 2015 - 12:15

Smartphonegebrûk skoart heech as it giet om argewaasje yn it ferkear. Ut ûndersyk fan Allsecur fersekeringen en TrafficRadio blykt dat 10 persint fan de autoriders geregeld de tillefoan brûkt ûnder it riden. De top trije bleau itselde. Bumperkleven stiet op it earste plak fan argewaasjes, folge troch agressyf riden en it brûken fan alkohol.

Smartphonegebrûk stiet op nûmer 8 yn de top 10. 13% hat hjir wolris argewaasje fan. It is de earste kear dat dizze argewaasje yn de top 10 stiet.

Fierder stiet yn de argewaasjelist ûnder oare it fuortsmiten fan ôffal yn de auto en ûnnedich links ride. Sa'n 600 minsken mei in rydbewiis hawwe oan it ûndersyk meidien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)