Kollum: "Leaver in lytske"

08 jun 2015 - 10:53

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

Leaver in lytske

"Alles moat tsjintwurdich grutter. Want grutter is better, is de algemiene opfetting. Lytse doarpsskoaltsjes wurde sluten, wêrtroch’t bern nei ien grutte brede skoalle moatte, mei in basisskoalle, pjutteboartersplak, kres, berne-opfang en konsultaasjesintrum ûnder ien dak. Yn stee fan mei fiif bern sitte se samar ynienen mei fyftich bern yn ‘e groep. Mar oft dat no wier better is?

En sa giet it dus ek mei bedriuwen. Nim as foarbyld myn ynternetprovider UPC, dy’t dit jier fusearre mei Ziggo. Tegearre binne se no in bedriuw mei wit ik hoefolle miljoen klanten. En ien dêrfan bin ik dus. Trije wike lyn waard ik belle troch Ziggo. No’t ik ek klant by harren wie, koene se my in moai oanbod dwaan. Noch rapper ynternet, foar noch minder jild. Gewoanwei sis ik altyd braaf ‘Neuh jong, dat hoecht net’. Mar dit kear tocht ik: ‘Wist wat, ik besykje it. Ik bliuw ommers by deselde provider, krij rapper ynternet en der komt boppedat in monteur by my thús om de boel te ynstallearjen. Wat kin der mis gean? Toch?’

Braaf op de ôfsprutsen dei stie der in monteur foar myn doar. Ik liet ‘m der yn en seach nei syn lege hannen. ‘Hasto gjin modem en guod by dy?’ frege ik. Hy seach my skodholjend oan. ‘Dy ha jo as it goed is sels al fan ús krigen fia de post.’ No, al wat der mei de post kaam wie dy wike, gjin modem. Fuort mar in telefoantsje nei Ziggo. Och hea, ferjitten. Wol in monteur regele, mar it guod ferjitten. ‘Nou mevrouw, geen paniek. We sturen het vandaag nog op.’

Fjouwer dagen letter hie ik in spiksplinternij modem yn ‘e hûs. Tegearre mei de buorfrou ûntduts ik dat wy de boel sels ek prima oanslute koene. Wat kabels en stekkers ferwikselje, modem ferfange en dan efkes geduld ha. Mar al hoe lang’t wy ek wachten op in Wifi-sinjaal, der kaam neat. Mar wer belje. ‘Ja mevrouw, dat kan even duren. Ik zal uw nieuwe modem even een steuntje in de rug geven.’ En ferhip, samar ynienen hiene wy kontakt. Prima, neat mear oan dwaan.

Mar de folgjende dei wie de Wifi fuort. Alle griene en blauwe ljochtsjes op myn modem knipperen entûsjast, mar ferbining meitsje ho mar. Dus mar wer belje. Ik krige in wat hastich jonkje oan de telefoan. Syn earste fraach wie wêr’t ik krekt siet mei myn laptop. Boppe yn myn kantoarke. En wêr’t myn modem dan stie. No ûnder, yn de wenkeamer. Ah sjoch, mompele er. ‘Wat voor soort plafond heeft u?’ Sorry? Myn plafond? ‘Zit er ijzer in uw plafond verwerkt?’ frege er. Dat mei ik dochs hoopje, lake ik. No, dan wie dat it. It izer hold de strieling tsjin. Bêste man, sei ik, sels al sit ik mei de kont boppe-op myn modem, dan noch docht er it net.’ Hmmm, syn harsens kreaken. ‘Dan is ‘ie stuk.’

Doe’t ik dit ferhaal fertelde oan freonen, hiene se hast stik foar stik deselde problemen hân nei in fúzje fan ynternetproviders. It soe allegearre better wurde moatte trochdat se tegearre fierder gean, mar it resultaat is it tsjinoerstelde. In gaos. Minne ferbiningen, lange wachttiden by de callcentra en klantgegevens dy’t kwytreitsje.

De konklúzje liket my helder: grutter is lang net altyd better. Leau my mar, oer in pear jier is de trend krekt oarsom en wurdt alles wer lytser. Komme der wer gesellige doarpsskoaltsjes om’t bern fersûpten op dy grutte learfabriken. Krije grutte bedriuwen wer lokale fêstigingen om tichter by de klant te sitten. En wurdt der skodholjend gniist om dy iene steatssekretaris dy’t alle regionale omroppen op ien bultsje fage. Wat in pankoek net? Hoe kaam er der by?

Oant it safier is, moatte wy noch efkes trochbite. It komt wier wol wer goed. Oh ja, ik ha trouwens in heafoarke fûn, sa’t ik jim foarige wike beloofde. Earst soe ik de aldergrutste dwaan, mar doe seach ik in moai lyts foarkje op Marktplaats stean. Dy is it wurden, want lytskes prikke noch wol sa feninich!"

Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nl. Tiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)