Sânkeunstners wer oan it wurk yn Snits

08 jun 2015 - 10:48
  • Sikke-Bart Frieling dwaande mei de Toer fan Pisa
  • Jeroen Advocaat is dwaande mei it 'carvan' fan in eskimo

Yn Snits wurdt hurd wurke oan bylden foar it Sânskulptueren festival Fryslân, dat nije wike útein set. Mear as 20 Nederlânske en bûtenlânske keunstners meitsje bylden fan sân. Guon dêrfan binne meters heech. It tema is Reis om de wrâld. Alle keunstners behannelje in part fan de wrâld.

Sa binne ûnder oare de toer fan Pisa, de Eifeltoer en de bylden fan de Paaseilannen te besjen. Fierder stride de Nederlânske keunstners it kommend wykein derneist ek noch om it nasjonale kampioenskip. De Dútsers meie hjir net oan meidwaan.

Taskôgers binne fan sneon ôf wolkom. Se kinne dan de keunstners oan it wurk sjen en in praatsje meitsje. De bylden bliuwe oant oktober stean, alteast as se mooglike rein- en hagelbuien oerlibje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)